
Sneon 17 okt o/m Freed 23 okt 2026
Nei it súkses fan ferline jier wolle wy dit jier wer in Earnewâld Bloeit wike organisearje. In wike mei ekstra omtinken foar natuer, kultuer, sûnens, mienskip en duorsumens.
Sa as dat giet mei earste kearen ha wy der sels ek wat fan opstutsen en nimme dat mei foar de 2e edysje. De aktiviteiten binne dit jier allegear yn ‘e doarpskeamer/tsjerke of bûten. Der komt dus net in tinte. It programma begjint al foarm te krijen. Nei de simmerfakânsje krijt elkenien wer in programma yn ‘e bus mei de tiden en lokaasje. Hjir alfêst in idee wat der ferwachte wurde kin:
- → Kuiertocht
- → Yoga
- → Positive Sûnens
- → Mei-inoar ite
- → Kofje moarn
- → Piksjitte op ‘e wal
- → Lêzing
- → WorkshopKokelhûs Foto útstalling âld Earnewâld
- → Foto útstalling âld Earnewâ;d
- → Fair mei high tea, repaircafé, ferkeap 2e hâns en sels makke guod
Sels in idee of aktiviteit dat past by dizze wike? Lit it ús witte, stjoer in mail nei earnewald@bloeit.frl.
Hâld ek de webside www.earnewald.bloeit.frl yn ‘e gaten foar nijs en updates.
It kernteam Wietske, Anja, Sofie, Nynke en Elisabeth