Skip to content
Eben Haëzer tsjerke
vrijdag 23 oktober 2026
14.00 uur - 17.00 uur

Hjerstfair

Wanneer: freedtemiddei 23 okt 14.00 - 17.00 uur

Lokaasje: Eben Haëzer tsjerke

Yn de sfeer fan de bloeiwike is der op de lêste dei in Hjerstfair, duorsum en smûk. In middei foar jong en âld. Hânmakke producten, fairtrade, 2e hânsguod, in ruiltafel en in bysûndere lotterij. Fansels ûnder it genot fan in bakje kofje as tee en kunne we genietsje fan alle lekkere baksels fan de bakwedstriid.

Hjir ha wy dyn help by nedich!

Wolsto dyn selsmakke of 2e hânsguod ferkeapje op de Hjerstfair?

Tink dan oan selsmakke sjem, siroop, smots, griente as fruit út eigen tún, houtwerk, haak of breiwerk, keunstkaarten of wat oars kreatiefs.

Foar túnleafhawwers, hasto planten, sieden of stekjes oer?

Nim se mei foar de ruiltafel, sa krijg âlde siedsjes en stekjes in nij plakje om te groeien.

Mobiele energieloket

Foar al jimme fragen oer enerzjy, ferduorsuming fan wenningen en it oanfreegjen fan subsydzje kinne jim terjochte by it enerzjyloket.

Dus doch mei!

Wolsto wat ferkeapje, wat oanbiede foar de ruiltafel, sieden, planten of stekjes ruilje? Lit it ús witte.

Wietske 06-49901987 & Elisabeth 06-30841357

 

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.

Back To Top