In slinger mei fleurige flachjes makket elk feestje ekstra feestlik. Ek noch ris hiel leuk om sels te meitsjen. Helje de restjes stof fans souder of set de skjirre yn âlde klean dy’tst dochs al fuort dwaan woest.
Nedig: stof, skjirre, (patroon) papier, spjelden, biaisband, strykizer en in naaimasine.
Knip út papier in trijehoeke. De breedte fan in A4 (21 sm) is in moaie maat. Ek handig om dizze nochris te knippen út in stik karton.
Tear de stof dûbel en meitsje it patroan fest mei in pear spjelden.
Knip it patroan út mei in heale sintimeter romte der omhinne dit is de ‘naadtoeslag’.
Naai de beide dielen op elkoar. Lit de boppekant iepen. Kear de trijehoeke binnenste bûten. No is it handich om mei it karton it flachje yn model te triuwen.
Mei it strykizer de naden moai plat strike.
Ast in moai oantal flachjes makke hast dan kinst se oan elkoar naaien mei biaisband. Ast dêr noch net bekend mei bist sjoch dan ris op youtube. Bygelyks dizze: Knipmode tutorial Biaisband.
Foar wa’t de smaak te pakken hat en noch wol wat ekstra flachjes meitsje wol komt hjir in oprop:
Ferline jier ha wy mei-inoar slingers haakt foar de Earnewâld Bloeit wike. De tinte, doarpskeamer en tsjerke ha wy dêr prachtig mei opfleurt. De haakte slingers binne it meast geskikt foar binnen en brûke wy fansels dit jier wer. Mar bûten wolle wy ek sjen litte dat de bloeiwike in feest is foar it dorp.
It idee: in mei-inoar selsmakke feestslinger fan stof lâns it paid nei de doarpskeamer. Brûk foar it patroan dizze ôfmjitting.
breedte 21 sm en lengte 22 sm.
De flachjes meie brocht wourde by Elisabeth.
Leaver tegearre oan ‘e slach? Kom dan nei de kreative texiel jûn yn ‘e bloeiwike.