Earnewâld bloeit – en wy bloeie mei!
Bêste ynwenners fan Earnewâld,
Wy steane oan it begjin fan it organisearen fan ús eigen Earnewâld Bloeit-wike – in wike fol ferbinende aktiviteiten dy’t wy as doarp mei-inoar organisearje!
Tidens twa ynspiraasjemominten binne al in protte moaie ideeën ophelle. It is no saak dat dizze ideeën ek útfierd wurde. Der binne al in pear frijwilligers dy’t in aktiviteit organiseare wolle en die hawwe al in moai plakje krigen yn it earste konsept-programma.
Mar: it programma is noch net klear!
Op 7 maaie wolle wy it konsept-programma mei jimme diele en fierder útwurkje. Wy fine it hiel belangryk dat elkenien dy’t meidwaan wol ek meitinke kin: it programma is fan ús allegearre. Der is dus noch alle romte foar nije ideeën, oanpassings en ekstra helpende hannen.
Wat sykje wy?
• Minsken dy’t meihelpe wolle by besteande ideeën.
• Nije aktiviteiten, grut of lyts, dy’t bydrage oan de bloei fan ús doarp.
• In protte enthousiasme om mei-inoar de Bloeiwike ta in sukses te meitsjen!
Kom ek op 7 maaie om 20:00 oere yn de doarpskeamer en wurkje mei oan in prachtige wike foar en troch Earnewâldsters!
Mei-inoar litte wy Earnewâld bloeie!