De earste Earnewâld Bloeit wike komt al tichter by en it programma begint foarm te krijen. Der stean tal fan nijsgjirrige activiteiten op it programma. Foar alle leeftiden sit der wol wat by. Nei de simmerfakânsje krijt elkenien in programma yn ‘e bus mei de tiden en lokaasje.
Hjir alfêst in idee wat der ferwachte wurde kin yn de wike fan 28 september – 5 oktober 2025
- Foarlêspicknick (dbieb) foar bern fan 0 – 6 jier
- Himmeldei – ôffal wat bûten op ‘e dyk en yn ‘e natuer leit mei-inoar oprêde
- Mei-inoar ite
- Wa siedt de lekkerste sop fan Earnewâld?
- Mei-inoar rinne: Mindfulness wandeling, Wildpluk/kruiden wandeling
- Swimme
- Boatsje bouwe/timmerje
- Piksjitte op ‘e wal
- Workshop/lêzing: Slaapkracht/Voeding
- Workshop Bijenlêzing
- Workshop Skilderjen
- Workshop (Stijl)dûnsjen
Wy kinne foar dizze wike noch wol wat handige helpende hannen brûke, alle stipe is wolkom, stjoer in mail nei earnewald@bloeit.frl
De bloeiwike is der om alles wat goed en mooi is yn it dorp te fieren en yn it ljocht te zetten. Dogge jim mei?